Naar inhoud springen

Fries/Fragment Oxzana

Uit Wikibooks

Hier volgt een fragment uit het boek Oxzana, ferhaal fan in flechtling.

Elkenien spilet it teaterspul mei. Ik wol dat sikehûs yn en de soldaten sizze hieltyd dat it net mei. Ynienen bin ik beret. 'Ik gean no. Wolle jim op my sjitte? Gean jim gong. Ik rin dochs troch.' De ferantwurdlike soldaat krijt my by de earm en sjocht my smeekjend oan. 'Sus', seit er, 'hee suske, soest ek in bytsje begryp foar my opbringe kinne? Ik ha in húshâlding. Asto no sûnder tastimming trochsetst, dan sit ik moarn oan it front. Ik kin dy net tsjinhâlde. Ik kin ek net op dy sjitte. Dêrom sit ik moarn oan it front. Begrypste? Ik ha in frou en bern. Do moatst wachtsje op tastimming.' Dêr stean ik. Ik sjoch derfan ôf. Oeren geane foarby. Der bart hielendal neat. Wy wachtsje. Wy wachtsje op Karghar, de man mei macht, dy't foar de tastimming soargje kin. Dan ha ik wer in idee. De man fan myn freondinne Marina, Omar, komt hjir alle dagen by syn broer op besite. Dy is it sikehûs yn rekke nei dat bloedbad fan de Mûdjaheddin en dy ferneamde generaal. Miskien kin Omar wat foar my regelje. 'Ik gean nei Omar en Marina,' kundigje ik oan. In kollega fan Ghalil wennet njonken harren, dêrom is Marina al folslein op 'e higte as ik dêr oankom.

WikiWoordenboek

Informatie afkomstig van https://nl.wikibooks.org Wikibooks NL.
Wikibooks NL is onderdeel van de wikimediafoundation.